Verzorgd door: Baukje Zijlstra en Sytse Jansma 

Data: 19 maart  

Tijd: 20.00- 21.30 uur 

Plaats: dbieb Burgum 

Aantal deelnemers min/max: 20/90 

normale prijs: €5,- ledenprijs: € 3,- leden ’t Nut  € 3,-  studenten: €  nvt actietarief: €  actiecode: niet nodig

Ticketverkoop aan de zaal: ja 

Tekst 

Hoe floeiber kinne taal en tinken wêze? Twa skriuwers dy’t wurkje yn in meartalige werklikheid sykje de grinzen op fan harren libbens– en tinkwrâld en de rol dy’t taal dêryn spilet. Tusken Ljouwert en Amsterdam, tusken Bogiakumu en Jakarta, tusken Charleston en Monster lizze wrâlden fan ferskil en oerienkomst. Sljochtet taal grinzen, of smyt taal just grinzen op? En wat docht it mei dyn wêzen asto in grinsgonger bist yn dyn eigen libben? 

Sytse Jansma is skriuwer en byldzjend keunstner. Hy hat twa dichtbondels en in printeboek útbrocht. Yn 2018 is er nei it International Kistrech Poetry Festival yn Kenia ôfreizge. Syn ûnderfiningen hat er ferwurke yn in rige ‘Kenia-Kozelekferhalen. Jansma siket yn syn wurk faak ferbiningen mei oare keunstfoarmen. Fierder kaam yn 2018 syn animaasjefilm Woesj út op it Noardlik Filmfestival. Op dit stuit wurket er oan syn tredde dichtbondel. 

Baukje Zijlstra is skriuwer en redakteur. Se hat ferhalen publisearre yn ûnder oaren Ensafh en Revisor. Ek hat se ferskate prizen wûn foar sawol Fryske as Nederlânske ferhalen, wêrûnder trije kear in Rely Jorritsmapriis en yn 2019 de D.A. Tammingapriis foar it bêste Fryske proazadebút fan de fiif foarôfgeande jierren, foar har roman De koma-korrektor. Ein 2019 hat se Leon & Juliette, it boekewikegeskink foar 2020 fan Annejet van der Zijl, yn it Frysk oerset. 

Grinsgongers in dbieb in Burgum

Je zou ook interesse kunnen hebben in

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *